Memmetaalsprekker

Wy sykje frijwillige memmetaalsprekkers Frysk foar yn ‘e ûnderbou

Om’t de learkrêften de Fryske taal somtiden (noch) net goed behearskje, of har der ûnwis yn fiele, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks in deidiel op in skoalle helpe wolle om dêr, oan beukers, op boartlike wize it Frysk oan te bieden.

Der is in frijwilligersfergoeding foar beskikber. Cedin / SFBO soargje foar begelieding en materiaal.

Wy ferwachtsje op in tal skoallen yn Ljouwert  ferlet fan nije frijwilligers.

Liket it dy aardich om mei beukers te wurkjen en wolst in ympuls jaan oan it Frysk? Stjoer dan in mailtsje, leafst mei telefoannûmer, nei it SFBO: m.elsinga@hetnet.nl


Wat biedt de organisatie de vrijwilliger?

Prachtich wurk mei bern, de mooglikheid om it Frysk oer te dragen, in frijwilligersfergoeding


Wat vraagt de organisatie van de vrijwilliger?

Niget oan it wurkjen mei bern, sterke affiniteit mei de Fryske taal

Waar

Ferskate lokaasjes

8913CK Leeuwarden

Wanneer

Beschikbaar op: In overleg

Uren / frequentie: 1-3 oeren wyks

Vergoedingen

Reiskostenvergoeding: Ja

Vrijwilligersvergoeding: Ja

Overige onkostenvergoeding: In overleg

Overige

VOG nodig: Ja, vergoed door organisatie

Scholing: In overleg

ANBI: Ja

Reageren op vacature